Herfoarme Pastorij
De Herfoarme Pastorie, Tsjerkebuorren 1, boud yn 1861
De pastorij is yn eklektyske styl boud. Dat wol sizze, der binne meardere histoaryske stilen trochinoar hinne brûkt. Dat wie " moade " yn dy tiid. Der is gebrûk makke fan fûneminten fan in midsiuwske foargonger. De foargonger lei wat mear noardwestlik tsjin de grientetún oan. De Pastorie is hielendal omringt mei in grêft. De pastorij, de tún, de brêge en it koetshûs binne oanwiisd as ryksmonumint.
De grutte fan de Pastorie mei de tún deromhinne, de grientetún en de fruithôf, jout ynsjoch yn de oarspronklike histoarje wêrby 't selsfoarsjenning fan de bewenners (en personiel) fan de Pastorie útgongspunt wie. Dêrby waard fansels wurkkrêft út it doarp ynset. Ek de dûmny krige help út de gemeente. De Herfoarme frouljusploech stie oant yn de santiger jierren fan de foarige iuw paraat om de foarjiers skjinmeits te dwaan. En fansels ek as der in nije dominy kaam.
Ut de oantekeningen fan de Tsjerkefâden fan 1937: ' Yn it earste plak is yngeande ferbettering fan it tagongsbrechje nei de pastorij needsaaklik.De besteande brêge te ferfangen troch in ienfâldige mar solide brêge. Dit is de hjoeddeistige betonnen brêge wurden.
De ûnderhâldskosten fan de pastorij en tabehearren wiene foar de tsjerklike gemeente in tanimmende lêst. De kosten giene omheech wylst it tal lidmaten fan de tsjerke ôfnaam. Om dy reden besleat it tsjerkebestjoer om de Pastorie te ferkeapjen en in nije lytsere en moderne pastorywenning te bouwen. De Pastorie is oant 2001 bewenne troch de predikanten fan de Herfoarme gemeente en letter ek troch de predikanten fan de tegearre op wei Gemeente.
Yn 2001 is de pastorij ferkocht oan in partikulier, oan de hear Menno Landstra. Hy hat earst de pastorij fan bûten restaurearre. Yntusken is ek de tún hielendal yn âlde gloarje wersteld. Yn 2022 is er begûn mei de restauraasje fan de binnenkant.
Colofon
Boek Easterein
© Tekst: Jetske Santema - © Foto voorblad: Onbekend

©: Onbekend
It is skitterjend om te sjen. De tún, ek in monumint, wurdt wiidweidich yn in oar finster útljochte.
De nije feranda is werboud yn originele steat, lykas de eardere feranda dy 't om 1930 hinne ôfbrutsen is.
2009 Op dizze foto is te sjen hoe 't de kuierpaden om de pastorij hinne slingerje.
De stinzeplanten komme foar it ljocht.
De moestúnfeart kin men moai sjen!
Rjochts is it koetshûs krekt te sjen.
It hekwurk moat de tún beskermje. It past net sa goed yn it ûntwerp fan Vlaskamp.
Op de foto is de moaie houten brêge te bewûnderjen. Dizze kaart is útjûn troch Y. Sangers.
De tún wurdt noch oanplante, dizze foto sil om 1863 hinne makke wêze. In oantal fan de no noch oanwêzige soarten waarden doe troch Vlaskamp plante en binne sichtber op dizze ' keale ' foto. De ûnd
Rjochts sjochst de ôfskieding mei pealtsjes. Sa wurdt oanjûn dat der net troch de tún rûn wurde mei.
Twa froulju foar de pastory. Nei alle gedachten is de linker frou de dominys. En de rjochtse, mei de skelk foar, is fêst de tsjinstfaam.
De slingerjende paden binne goed te sjen.
Ut 'e tsjerkfâdij notulen fan 29 novimber 1957: Voorts vraagt hij (een van de kerkvoogden) , of de bomen besnoeid mogen worden en het riet uit deze sloot (de moestuin) verwijderd, opdat straks als he
It poststimpel fan dizze kaart is 20 -10-1910. Links kinst de oanboude serre sjen. Dy is ferdwûn om 1930 hinne.
De foto is fan de Stittenserleane ôf nommen.
Oan de rjochterkant kinne je de huzen op de Stittenserleane sjen.
Der binne túndoarren yn de pastorij dêr 't earder de feranda wie.
De kelderruten binne hjir moai op de sjen. Mei traaljes dêrfoar om ûnnûge gasten te warren. ( bisten )
Oan it koetshûs (foaroan op 'e foto) is in skeane oanbou. Dit wie oarspronklik in kas mei druve strúken.
Alles is opknapt ek it monumintale koetshûs. Hjir sjochst it fan foaren. Rjochts is in moaie kas boud dêr 't de planten opkweekt wurde foar de pastorijtún. Ek de tún is is no in monumint.
De foto is fan de pastorij ôf nommen. De brêge is ek in monumint.