Fammeferiening Dorcas
Oer Dorcas is net safolle beskriuwn.Fanút de oantekens fan de jongesferiening blykt dat it yn de selde tiid oprjochte is. Se wurken gear mei de Jongelingsvereeniging Prediker 12:13B. Se organisearren mei-inoar feesten en reiskes. Yn de simmer fan 1898 wurdt beskriuwn hoe it "Krooningsfeest " wurdt organisearre mei suster feriening Dorcas. Op 20 maaie 1913 wurdt er oan "de kerkvoogden toestemming gevraagd om zondagsmiddags na kerktijd het lokaal open te stellen voor hooijers en maaijers zoodat deze vrijelijk gebruik konden nemen van thee en koek".
Yn 1950 giet de feriening fierder mei de Jongelingsvereeniging Prediker 12:13B. Yn de oantekens fan de Jongelingsvereeniging Prediker 12:13B stiet hjir oer beskriuwn, "Ús foarsitter iepent de gearkomste ûnder de driigjende eagen fan fammenliedster Mefr. Tilkema. Ja, wy ha de froulju der mar by nommen (sy woene dat graach?). Mar it is noch mear mei it each op it toanielstikje en net te ferjitten de mannichte fan beide ferienings".
Colofon
Boek Easterein, auteur Klaas Kooistra