Famkeskoar De Greideklanken
Yn febrewaris 1970 kamen der in pear famkes út de fiifde klasse by master Hingst mei de fraach `Kinne wy hjir yn Easterein ek in famkeskoar begjinne`en de twadde fraach wie, `Wolle jo dêr dan dirigint fan wurde?` Sa ûntstie it famkeskoar de Greideklanken. It waard in grut sukses. Nei 18 jier is master Hingst opholden as dirigint en naam Sjoukje Scheltema it oer. Mei troch de feroaring fan it oanbod yn sport en sa, rûn it tal leden efterút. Yn 1994 is beslettten op te hâlden mei it koar.