Ut it doarp


Ut it doarp
©:

It doarpslibben jout gesicht oan it deistich dwaan en litten fan de minsken yn it doarp. Tink oan de drokte op de dyk, boartsjende skoallebêrn, de minsken dy't yn é tún binne, en de wurklju dy't yn en om it doarp oan de gong binne. Fansels sykje de minsken elkoar op en soargje meielkoar der foar dat der ferdivedaasje is en dat it goed en noflik wenjen is yn it doarp.

Eartiids wie wenjen en wurkjen nei oan elkoar ferbûn. De lânbou soarge direct en yndirekt foar de measte wurkgelegenheit. Mar dat feroare nei de twadde wrâldkriich yngrevend. Mechanisaasje, skaalfergrutting, ruilferkaveling en letter automatisearing, hiene ta gefolch dat de "Tsjinstferliening" yn ús lân foar it measte wurk soarget. En dat fynt benammen fanút de stêd plak. De auto joech mear mobiliteit, en de measte doarpsbewenners wurkje hjoeddedei net mear yn en om it doarp. De emancipaasje soarge der ek foar dat man en frou lykweardich op de arbeidsmarkt operearje. En der is folle mear frije tiid kommen.

It doarpslibben is der yngrypend troch feroare. Mar de behoefte om meielkoar aktyf te wêzen bliuwt oerein. De finsters jowe yndrukken fan it doarpslibben en litte ek de feroaringen yn de tiid sjen.

Lês mear


1 | 2