Dobbelân


Dobbelân
©: Jetske Santema

It Dobbelân tanket syn namme oan de Dobbe. It is in natuerlike boarne dy't miskien wol 1000 jier âld is. De Dobbe hat in djipte fan 7 meter oant de sânboaiem. Dêr komt it swiete wetter omheech. It waard yn drûge perioaden brûkt troch de lytse doarpsboeren foar wetter foar de bisten. 

It is bysûnder dat de Dobbe yn it bestimmingsplan fan de bou fan de wenningen opnaam is. 

De wenningen binne boud as hierwenten fan de Wenningboustichting, no Elkien. Yn de rin fan de jierren binne der in oantal ferkocht. It is no in miks fan keap en hier wenten.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s