De Singel
De Singel leit oan de noard-westkant fan Easterein en is oanlein yn it bouplan "De Boomgaard". It bouplan ûntlient syn namme oan it eardere gebrûk fan de grûn; in appelhôf. Dizze wyk, mei in fyftich tal húzen, is boud fanôf 1980. Yn trije fasen is it bouplan yn 35 jier folboud.De namme De Singel is ôfkomstich fan de wynkering rûnom it hôf.