De oprjochting fan Wilhelmina yn 1898
De oprjochting yn 1898
Yn Easterein hat moaiwis de kroaning fan de nije keninginne, Wilhelmina, yn 1898, bydroegen ta it oprjochtsjen fan in muzykkorps, dêr’t de offisjele datum fan fêstlein is yn de statuten, 1 oktober 1898. It wie net sûnder reden, dat de kroaningsfeesten fan Wilhelmina dêrta de oanlieding wie. It doarp stie bekend om syn positive hâlding foar it Oranjehûs oer.
Der waard nei de kroaningsfeesten in korps oprjochte en it krige de namme: ‘Wilhelmina-corps’. It koe net moaier!
In nije Keninginne, Wilhemina, en Easterein hie in korps, in kristlik korps, neamd nei dy nije foarstinne!
It earste bestjoer waard foarme troch:
Master Kornelis Nettinga, foarsitter, Douwe Jabiks Zandstra, skriuwer, en Gerrit Yme Vellinga, ponghâlder.
Der waarden Statuten en in Huishoudelijk Reglement opmakke. Erkenning as rjochtspersoan by ‘Koninklijk Besluit’wurdt datearre op 23 desimber 1898.
Moaiwis hawwe se earst ûnder lieding fan master Nettinga yn de doe al Ald-skoalle ( letter Us Gebou) oefenje mochten.
Colofon
(bron: Wilhelmina 1898-1998 fan M.L. de Boer)