De famkes klubs


De famkes klubs
©: Jetske Santema

Foardat ûndersteande klups der wiene hat op en ôf ek fammeferienings bestien. In oantal foto’s stean hjirby.

Het Mosterdzaadje

Famkes en fammen wiene ek yn Easterein feriene yn wat neamd waard ‘Meisjes klups’. It bestean fan sa’n feriening wie net altyd like wis. Of troch it ûntbrekken fan lieding, óf troch te min leden wie it soms al nei koarte tiid wer dien mei de feriening dêr’t elk sa optein mei begûn wie.

Ien sa’n feriening waard oprjochte op 25 febrewaris 1948. De klup wie foar famkes fan 12 oant 16 jier. It notuleboek fan dizze feriening mei de namme ‘Het Mosterzaadje’, jout kreas ferslach fan wat der sa’n jûn dien waard. Ien fan de leden, Y. Abma skriuwt oer it begjin fan ‘e jûn mei it sjongen fan in liet. Nei it iepeningsgebed  folget in Bibellêzing en útliz, mei in neipetear oer it ûnderwerp. Nei it skoft wurdt der foarlêzen út in boek. Underwilens binne de famkes dwaande mei it ‘handwerken’, dat elk fan hûs meinommen hat.

Der wurdt fansels ek praten en songen, mar dwaande wêzen mei de Bibel en de hannen stie foarop. De jûn wurdt sletten mei tankbea. 

As liedsters wurde neamt, frou Cnossen en frou Sytsma. De lêste oantekens binne út 1952. We fine dan ferslaggen oer in pear moanne tagelyk. Carli de Bruin is liedster. Blykber binne der ek wol kontakten west mei de ‘knapeferiening’. Folle is hjir net oer bekend.

Meiinoar Ien

Op 13 april 1959 wurdt de famkesklup mei de namme ‘Meiinoar Ien’ oprjochte. Liedsters binne frou T. de Vries en frou Yt Skeltema. Letter hat frou J. de Jong it plak fan Y. Scheltema oernaam. 

By de oprjochting binne der 23 leden. De earste oantekens binne fan 28 jannewaris 1961.

De moasten ôfspraken makke wurde oer it meitsjen fan de oantekens. De leden sille it om bar dwaan en de sels de oare kear foarlêze. As ponghâlders wurde der twa persoanen neamd, Sijke de Jong en Botty Veenstra. 

De gong fan saken op in klup jûn wykt net folle ôf fan earder. Mei de iepening wurdt songen en bidden. Nei it lêzen út de Bibel folget de útliz en in neipetear. Frou Bergsma spilet op it oargel en as sy der net is, nimt Botty Veenstra dit oer. Sadwaande kin der in protte songen wurde. In inkelde kear begeliede Botty en Hepy it sjongen mei it spyljen op in blokfluit. Faak binne dit dan psalmen, gesangen, lieten út ‘e bundel fan Jehannes de Heer, of it Bûnsliet. 

Aktiviteiten

De twadde helte fan é jûn wurdt no en dan ris wat oars ynklaaid. Njonken it hantwurkjen wurde der ek ‘shows’ organisearre, en wurdt der ek songen en dûnse.

Sa is der ek in moadeshow, op-en ynelkoar set mei krantepapier as basis- materiaal’, wêrby’t de iene de oare oanklaaie moast.Der wiene prachtige jurken by mei grutte franjes en strikken, mar ek ‘oanklaaide kannibalen’. Soks makke sa’n jûn tige slagge en wol sa, dat der noch jierren(!) neitiid oer praat waard.

In oare aktiviteit wie it dûnsjen. Mefrou Tilkema út Wommels kaam en joech les yn ‘reidansen’. Ek holp sy by it ynstudearjen fan in oantal folksdûnsen.

Wer wat oars wie ‘Hersengymnastiek’.Groepkes famkes bylden de titel fan in boek út op it poadium. Oaren moasten dan riede hokfoar boek bedoeld waard.Ek makken de fammen mei-inoar poppehuzen, dy’t dan nei in weeshûs of in ‘Gesticht’ brocht waarden.

Fierder waard der knutsele mei behang, lapkes stof, plaksel en skjirre. De waarden keunstwurken makke dy’t te sjen wiene op it jierfeest.

Sinterklaas

In aparte kleur hie de sinterklaze jûn. Elk krige in briefke mei in sinteklazeferske en moast syn ferske sa lûd mooglik sjonge om by oaren itselde ferske te finen. Sa kamen der groepkes byinoar mei it selde ferske. Elk hie ek in pakje mei in gedichtsje meinommen wat foarlêzen wurde moast. Soms waard der ien in it sintsje set, mar e kit mannewaar opsein, mar altyd wie der in protte wille.

Kryst

Ek de krystjûn wie in aparte jûn. Sa waarden de leden ris yn fjouwer groepen ferdield. Mei in plattegrûn fan Easterein reizge it jongfolk troch de buorren en skille oan by in hûs mei in kears foar it rút. Mei Krystguod yn in bakje en in opdracht sette elk wer nei ‘Us Gebou’. Hjir waard dêrfan in krystbakje makke, dat brûkt waard by de mienskiplike krystjûn mei de ‘Knapeferiening’. 

Fansels wie der ek de jierlikse ‘Toogdei’, op pinkstertiisdei, yn Ljouwert, der’t sa’n tûzen famkes kamen.

Oare grutte byienkomsten wiene de ‘Ringgearkomsten’.  Hjir gyng de hiele klup hinne. Ien kear waard der in foardrachtkriich holden. Easterein hie doe de earste priis, mei in foardracht troch Tsjikke Feenstra.

Soms wie der yn Ringferbân ek in wykein yn begelyks Seisbierum of Tsjommearrum. Simmerdeis gyngen guon famkes ek nei in kampwike yn Aldemardum of earne yn in oar plak.

Jildkrapte

Jildkrapte kaam ek by dizze feriening foar. Om oan jild te kommen waard wolris in poppe kocht en dizze waard oanklaaid troch de leden mei moaie klean. De fammen gongen dan mei de poppe langs de doarren en foar in kwartsje koe m’n dan de namme riede. De opbringst wie foar de klup. De waard in protte dien oan kreativiteit.

Ek dizze feriening bestiet net mear, is opdoekt yn 1962. Letter kamen de jongereinklups, mei jonges en fammen.

Colofon

Klaas Kooistra, Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s