De Ljits
De Ljits leit oan de noardwestkant fan Easterein en is oanlein yn it bouplan "De Boomgaard". It bouplan ûntlient syn namme oan it eardere gebrûk fan de grûn; in appelhôf. Dizze wyk, mei in fyftich tal húzen, is boud fanôf 1980. Yn trije fasen is it bouplan yn 35 jier folboud. De namme De Ljits komt fan in âlde wetterôffier nei de eardere middelsee. Dizze ôffier rûn lâns it appelhôf.