De Alde dyk


De Alde dyk
©: Jetske Santema

Oant 1898 wie De Ald dyk de ferbining tusken Snits en Frjentsjer oer it lân, it paad rûn by Wommels del fia de Warntille nei Frjentsjer.

Oant de jierren 80 yn de foarige iuw wie it in strook lân wat heger lei as de neistlizzende greiden. Der weiden skiep op De Alde dyk en it gers waard troch de boeren dy 't eigener wienen meand. De stikken waarden mei in stek ôfsletten. Fan de Wynserdyk ôf wie der flak foar de bocht nei rjochts in wyt stek. Dat waard de ' wyte hikke ' neamd as plakoantsjutting. Dêr tsjinoer is it bankje fan Master Hingst pleatst.

Yn de jierren 80 waard it lân bewurke mei grutter lânbouark en is der om de lannen goed berikke te kinnen in stik betonpaad oanlein. De swiere trekkers koene op it earste stik dat in soad brûkt waard yn de hjerst en maitiid net mear ride sûnder it paad te fernielen. De grutskalichheid soarge derfoar dat it meanen fan de kanten net mear leanend wie. En mei it tanimmen fan de kuierders mei hûnen wie it ek net mear geskikt om der skiep op weidzje te litten.

Yn 1995 is yn it ramt fan de ruilferkaverling yn 1995 in skulpepaad oanlein foar kuierders. Ek binne der feeroasters yn oanlein. Der wurdt in soad gebrûk fan makke troch kuierders mei en sûnder hûnen. Dêrom binne de feeroasters oerstallich rekke. Ast it paad rinst kinst genietsje fan it kronkelige paad. De hege lizzing, mei wat foarstellingsfermogen kinst betinke hoe 't eartiids der sompige greiden wiene dy 't sa út en troch ûnder wetter kamen te stean. It paad, rûn en riden mei hynder-en-wein it is iuwen âld. Mei de foto's yn dit finster kinst yn gedachten it paad rinne.

Colofon

Boek Easterein en andere bronnen.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s