Damklup DOS

Damklup DOS
©: Damklup Easterein

De damklub D.O.S. is oprjochte yn 1957. Der waard doe al in skoft 'damme', mar net sasear yn klupferbân. By de kapper E.(Elze) Veenstra wie it altyd tige gesellich. 

Der kamen stadichoan mear minsken om dy reden by de kapper. Njonken it hierknippen en it praat, rekke it folk dêr ek oan it damjen. 

Sa ûntstie it idee om in klup op te rjochtsjen. len fan de oprjochters, P. Hiemstra, is no yn 1995, noch lid. De earste foarsitter wie de kapper seis: E. Veenstra. Dizze ferhuze nei in jier. In oare oprjochter waard foarsitter, H. (Spar) de Jong. Dizze hat noch mar krekt betanke. It twadde jiers waard P. Hiemstra ponghalder en L. Stuiver skriuwer. Ek de lêste hat in soad foar de klup betsjutten.

It wie yn ’e begjinjierren in toer om mei de sinten run te kommen.

Sommige leden garren allerhande punten by de boadskippen om ynwikselje te kinnen foar sinten dêr't bygelyks buorden en houtsjes fan oanskaft wurde koene.

It wiene meast manlju dy't dammen. 

Froulju ek lid

Yn 1979 waard it earste froulike lid ynskreaun, 'juf Gryt', of leaver sein; Gryt Breeuwsma, dy t as beukerjuffer hjir oan skoalle stie. Letter kamen der mear froulju te striken.

De meast betûfte strykster wie wol Wietske Bruinsma Hja spile mei oan 'e heechste buorden en wûn ek yn oar wedstriidferbân gauris in priis.

De bond

Jierren oanien hat de klup lid west fan de Provinciale Friese Dambond, dy't inûnderôfdieling foarme fan de Koninklijke Nederlandse Dambond.

Der wurdt yn Nederlan in soad damme, mar benammen yn Fryslan. Wy kinne wol sizze dat yn Fryslan op dit mêd gans 'tocht' wurdt. Dat blykt ek út it tal leden. Dat is ek al jierren sa. Sa wenje yn 1978 fan 'e 9000 leden fan de Ned. Dam Bond mar leafst 1300 yn Fryslan, troch har oansluting by de Prov. Friese Dam Bond. Dêrnjonken bestie noch in Zuidwesthoekbond mei sa n 200 leden. It Frysk Damjen is hjir dan noch net by rekkene. Dit is wer in hiel oar spul en hat ek wer har eigen organisaasje. In doarpsgenoat dy't yn dit Fryske spultsje betûft is, is Germ Terpstra. Foar it spyljen fan kompetysjewedstriden waarden grutte reizen makke. Op 'e jûntiid en by snie en glêde diken waard besocht tsjin oare klups de punten yn e wacht te slepen. It 'tsiental' reizge sa nei boppe yn Fryslan, mar ek nei Bloksyl. Trochdat der altyd mei tsientallen spile waard, koene lang net alle leden meidwaan. Ek waarden de kosten aloan heger. Yn it lêste jier by de 'Bond', spile D.O.S. mei twa tsientallen: it earste' yn 'e twadde klasse A en it twadde yn 'e tredde klasse A fan de ófdieling ’noard', en reizgen hja nei Skoatersyl, Alde Bildtsyl, Wolvegea, Marknesse en Twizelerheide. It earste tsiental waard doe ek noch kampioen yn har klasse, mar krige de beker nea tastjoerd... De reden kin wolris yn har krewearjen lein hawwe om sels wat op te setten...  D.O.S. naam dan ek it inisjatyf om mei oare ferienings yn ús omkriten in aparte feriening op te rjochtsjen. Op 11 september 1974 waard sa 'De Federatie van Dam- klups Westergo oprjochte. Fan de acht ferienings dy’t posityf reagearre hiene, wiene it njonken Easterein de klups út Easthim, Ysbrechtum en Skearnegoutum dy’t tagelyk mei útein setten.

Foarsitter waard A. Feitsma fan Wommels, in jier letter opfolge troch K. Kooistra fan Easterein. Skriuwer wie W. Weersma fan Easthim en ponghâlder G. Zeilstra fan Skearnegoutum.

De foardielen wiene, dat de ófstan lyts wie en de kontribüsje leech.

Mar it allerwichtichste wie dat altyd de hiele klup tsjin de hiele klup spile. Dochs joech dit wolris problemen. D.O.S. waard aloan grutter en oare ferienings stadichoan lytser. Doe t yn 1975 ek Tersoal by de federaasje kaam, waard yn twa ófdielings spile. D.O.S. spile mei yn trije ploegen fan acht persoanen, wylst ek de ’rest- leden' mei spilen foar in 'totale klup kompetysje'.

It bestjoer waard yn 1975 foarme troch K. Kooistra foarsitter, J. de Boer (Sybrandebuorren) skriuwer, G. Zeilstra (Skearnegoutum) ponghâlder, W. Weersma (Easthim) kompetysjelieder en E. Bruinsma (Ysbrechtum) algemien adjunkt.

Troch it werom rinnen fan it tal leden moast de feriening út Skearnegoutum yn 1978 opdoeke. Om't ek it tal leden by oare klups werom rint wurdt foarslein om as federaasje oansluting te sykjen by de Zuidwesthoek Bond. Dit giet troch en sûnt 1978 - 1979 spilet de feriening yn kompetysjeferbân mei yn ’e Zuidwesthoek Bond.

Lokaal en ark

Al fanalds wurdt der spile yn Us Gebou. By it ferbouwen fan dit gebou is der ien winterskoft spile yn e Tsjerne en letter in winterskoft op e boppeseal by kafee Bergsma. Beide foldogge net en elk fielt him wer ’thús’ as der wer spile wurdt yn 'Us Gebou'. In oare soarch is it 'ark'. Der moat in medalje kast komme. Yn 1974 komt der ien foar 100 gûne oan e muorre te hingjen. Yn 1979 wurde nije buorden oantúgd. Ek komme der klokken. It gehiel wurdt opburgen yn in nije houten kiste.

In klupliet

Der is al jierren in klupliet, dat by it 20-jierrich bestean skreaun is troch K. Koois-tra. It wurdt meast troch de leden songen by it fieren fan in jubileum fan ien fan de leden. It hyt 'It skowersliet'

(wize: Myn Berber is fier oer it wetter)

1. Easterein, freonen, hat 'er in damklub

al klinkt it miskien wat gewoan 

as klup freonen is der gjin twadden

ja, D.O.S. stiet by üs fier bopp'oan, bopp oan (2 x)

refrein: Skowe de skiven, mei wyt of mei swart, wat mar skowe wol skowe de skiven, wy strike de oeren sa fol!

2. As dammers is skowen üs tinken

al ha wy't oan ’t boerd faaks ek dreech

de ôfrin dy moat' wy beklinke

en wippe in romerke leech,ja leech ( 2 x )

3. Ek oare klups ha wy bekampe

besoargen har mannige nul

mar rûnen wy dochs tsjin 'e lampe

ferlieze dat heart ek by 't spul, by 't spul ( 2 x)

4. Wy skowe, wy slaan of wy triuwe

al binne wy somtiids de klos

in freoneklup sille wy bliuwe

Us klupnûmer ien dat is D.O.S., ja D.O.S.! ( 2 x )

Leden

Yn 'e earste jierren fan bestean binne der meast tusken de tsien en de tweintich leden. It giet wat op en óf, mar genôch om kompetysje te spyljen en in tsiental foar de 'Bond' te hawwen.

It tal leden wurdt noch grutter en midden jierren tachtich binne der omtrint fjirtich leden. Ek bestiet noch in jeugdklup mei sa'n 15 entûsjaste tinkers. Dizze jeugdklup wurdt yn 'e earste jierren lieden troch Jouke Geertsma en Yde Syszeling. Letter nimme Harm Bergsma en Durk van Beem it oer. Yn 'e twadde helte fan e jierren tachtich sakket it tal leden hurd. In tal aldere leden wurdt it te dreech of komme te ferstjerren. Oaren krijen oare drokten mei har wurk, de stúdzje, of oare aktiviteiten. Wer oaren ferhúzje.

Wy tinke hjirby oan minsken lykas S. Hiemstra, A. Feitsma, M. Miedema, J. Twijnstra, F. Postma, D. Tjerkstra, L. v.d. Sluis, D. ten Dam, W. Schermerhorn, F. ten Dam, F. Dijkstra, D. de Leeuw, J. Geertsma, O. de Vlas, T. Posthuma, J. Ste-genga, K. Kooistra, M. Tjalsma, Y. Syszeling, W. Bruinsma, M. Nauta, R. Nauta, J. Nauta, W. van der Linden, ensfh.

Bestjoer

Foarsitter is yn it begjin 'Spar' H. de Jong. P. Hiemstra past meastal op 'e sinten. Nei tolve jier wurdt A. Feitsma yn 1969 foarsitter. Yn 1978 nimt M. Tjalsma dit fan him oer. De lêste is dit oant 1990.

No, yn 1995 is G. Dijkstra foarsitter. Sûnt de oprjochting is P. Hiemstra ek yn 1995 noch altyd lid. Hy is de iennichste fan de oprjochters dy’t noch altyd meispilet yn e kompetysje. Ek oprjochter H. de Jong is noch mar krekt ôfheakke as klup- lid. Oare leden dy t in protte bydroegen, wiene L. Bouma dy’t al mear as tweintich jiei yn it bestjoei sit en noch ponghâlder is, H. Bergsma dy’t ek jierren skriuwer wie, K. Kooistra dy t fyftigen jier yn it bestjoer siet as skriuwer, ponghâlder of kompetysjelieder, mar fansels ek M. Tjalsma dy t njonken it foarsitterskip ek jierren allerhande saken foar de klup regele en prizen en priiskes foar de ferlotting op jier feesten en sinterklaasjûnen byinoar skarrele.

Kompetysje

Benammen yn de jierren fan 1977 oant 1985 wurdt it ferrin fan de kompetysje troch in grut publyk folge. Omtrint alle wiken stiet der in ferslach yn 'e Boalserter krante. De ferslachjouwer bringt sawol de útslach as de sfear oer yn dit blêd. 

Wy komme koppen tsjin lykas:

'Minne en Harm, twa gelokkige minsken...'

‘Ik kin my it hier wol út e kop klauwe, sei Geart, mar dan hald ik sa'n bytsje oer...

'Troch de baarch biten en de winst út hannen...'

'Der waard omraak slein yn Easterein...'

'Lubbert ferslein en Jakob op ien ein...’

'Tsjalling rojaal, mar hast wat te mal...'

'Foarwier winst foar Willem...!'

'Harm yn foarm...'

'Twa peallen foar Klaas..'

'Wytske fan 'e wize en Jacob yn 'e prizen...'

'As waarme bakkers kâld wurde...'

'Twa punten foar Piter...'

'Geart yn spreidstand nei remise...'

'Gjin fermogens mar dochs winst foar de ponghâlder..'

Al dizze koppen sizze genôch oer sfear en kriich dêr't mei spile waard. Ien fan de spilers dy't al jierren mei boppeoan spilet is L. Stuiver. Ek P. Hiemstra is lykwols noch altyd dreech te bespyljen. Oare kopstikken binne al in tal jierren mannen lykas K.Louwsma, U. Bouma en H. Bergsma. Yn e klub wurdt dreech spile, mar ek altyd noch wat neispile en neisitten.

Seisoen 1994-1995.

Yn it seizoen 1994 / 1995 binne der 15 leden: D. van Beem. H. Bergsma, W. Boersma, L. Bouma, U. Bouma, G. Dijkstra, J. Greidanus, P. Hiemstra, G. Keuning, K.Louwsma, J. Rispens, G. Stilma, R. Strikwerda, L. Stuiver en Tj. Tjalsma. 

Foarsitter is G. Dijkstra, ponghâlder is L. Bouma en skriuwer en tagelyk kompetysjelieder is R. Strikwerda.

© Tekst: Boek Easterein, auteur Klaas Kooistra © Foto voorblad: Damklup Easterein

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s

Ofrekkenje Yn Us Gebou
Rein Strikwerda sjocht ta oft elkenien betelle. It bysûndere is dat yn dy tiid

Disclaimer

Mei de klok spielje
f.l.n.r. Durk van Beem, Gerrit Keuning, Uiltje Bouma, Harm Bergsma.

Disclaimer

Alles wurdt goed byholden
Yn it argyf binne útslaggen byhâlden fan in hiel soad partijen. Oan de ein fan

Disclaimer

Damboerd
Yn it argyf is in rekken fûn fan nije Dambuorden. Yn 1984 binne der 20 nije buo

Disclaimer

Damje mei de klok
Links Klaas Louwsma rochts Lolke Bouma.

Disclaimer

Efkes neisitte
Links Klaas Louwsma en rjochts Jacob de Jong

Disclaimer

De oerwinning moat fierd wurde
Links Rein Strikwerda mei fles, rjochts Uiltje Bouma.

Disclaimer

Deun By

Disclaimer

Durk van Beem tsjin Jacob de Jong

Disclaimer

Lokwinske mei de oerwinning

Disclaimer

Gerrit Keuning oan set yn 2005

Disclaimer

Noflike dam jûn

Disclaimer

Harm Bergsma

Disclaimer

Yn it eardere ferieningsgebou, Us Gebou

Disclaimer

Jacob de Jong

Disclaimer

Leppeltsje
As in bestjoerslid syn taak oerdroech, waard der as tank in leppeltsje fan de fe

Disclaimer

Lolke sit der goed foar

Disclaimer

Mei de klok damje
f.l.n.r fan foaren: van Beem, Keuning, uiltje Bouma, Harm Bergsma.

Disclaimer

Mei de klokken
Yn it argyf bin ik ien subsydzjeoanfraach tsjinkaam. Dizze wie rjochte oan it sp

Disclaimer

Swier nei tinke
Sake Strikwerda is oan set.

Disclaimer

Repetysje 2005
f.l.n.r. sittend, Durk van Beem,? , Sake Strikwerda, Geert Dijkstra, dêr tusken

Disclaimer

Spannende partij
Links Sake Strikwerda tsjinoer ...

Disclaimer

Tjalling Tjalsma

Disclaimer

Froulje oan set
Wietske Bruinsma tsjinoer Durk van Beem

Disclaimer