Yn Easterein waard al in skoft damme bûten klubferbân . Foaral by kapper Elze Veenstra wie it tige gesellich. Dêr kaam men net allinnich om it hier te knippen mar ek om te damjen. Sa kaam men op it idee om de damklub op te rjochtsjen. Yn 1957 wie it safier, de damklub waard oprjochte troch kapper Elze Veenstra sekretaris, (spar) Hendrik de Jong foarsitter en skuonmakker Pieter Hiemstra ponghâlder. De lêste hat 46 jier lid west.
Colofon
Boek Easterein