Gêrsdrûgerij

Gêrsdrûgerij
©: Onbekend

De gersdrûgerij

Wij lêze yn de oantekens fan de tsjerkfadij gearkomste fan 13 novimber 1946 it folgjende:

'Een verzoek van de Vereeniging tot oprichting van een grasdrogerij om aankoop van een terrein uit het eigendom der pastorie.' En dat waard ynwillige. Yn 1947 is de oprjochting in feit.

Earste bestjoer

It earste bestjoer fan de “Coöperatieve Groenvoerdrogerij OOSTEREND G.A. bestie út:

P. Kooistra, Kûbaerd, W.H. de Jong Easterein, KL Hofman Lytsewierrum,

S. Reitsma Wommels en H.S. Couperus Hartwert.

Behearders wienen:

Folkert T. Vellinga (1906-1984), fan 1946-1951 en Jan Jelsma (*1917) fan 1952-1968.

It funksjonearjen

Hjir folget in koarte beskriuwing fan Tjalling Tjalsma (*1928), ien fan de wurknimmers, oer it funksjonearjen fan de drûgerij:

'Der waard earst begûn mei ien drûger, in Ingelsk fabrikaat. Al gau kaam der in twadde by en yn 1950 in tredden. Wy wurken earst mei ien foarman, ien man foar it terrein, trije man dy 't soargen dat it gers nei de drûger laat waarden twa man dy't yn it pershok dwaande wienen. Dêr stie letter ek de biks masjine.

Nei twa jier ferfoel de funksje fan de terrein man.

Wy wurken yn trije ploegen. De wurktiden wienen sa regele:

De earste ploech wurke moandeitemoarns fan ien oere oant tolve oere ta. Dan kaam de twadde ploech, dy 't fan tolven oant jûns achten wurke en dêrnei de tredde fan jûns achten oant de moarns fjouweren. De moarnsploech wurke 51 oeren, de middeisploech 50 oeren en de nachtploech 40 oeren. Der waard in wikselsysteem tapast. Yn dy tiid wie in 48-oerige wurkwike regel.

It gers waard mei in trekker en oplader ophelle. Twa man wiene beset mei it wurk op de laadwein en der wiene twa tuskenriders. Hja begûnen moarns om fiif oere en wurken oant der genôch gers wie foar oant de oare moarns.

Yn 1963 is de earste (Ingelske) drûger ôfskaft en regelen foarried bakken de tafier. Der wie wurk foar ien man.

Letter kaam foar it opheljen fan it gers der in apparaat ('kid') dat it gers op de wein blaasde.

De earste jierren koene wy net earlik 1000 kg (wiet) gers ferwurkje. Letter waard dat gans better. Nei 1964 hellen we somtiden wol 1200 kg. yn de oere. Doe hawwe wy bêst draaid.

Yn 1968 is de drûgerij fusearre mei dy fan Mantgum en binne wy der hinne gien'.

Eastereinders dy't hjir wurke hawwe binne:

Klaas Sietsma (1921-1992), TjallingTjalsma (*1928), Merk van der Meulen (1920-1987), Jan Stapersma (1897-1974), Pieter Jetzes Wiersma (1901-1982), Pieter J. Hiemstra (*1916), Bouke de Koe (*1918), Haring de Koe (*1914), Andries Smeding (1908-1979), Lieuwe Dijkstra (1898-1979), Pieter H. de Boer (*1935), Jan Jan Stapersma (*1918), Meinte Vollema (1900-1969), Ynte Dijkstra (*1931), Anne Ypma (*1930), Fokke Schonenburg (1912-1987), Siebren Feenstra (*1945), Wierd Hiemstra (*1920), Hielke Heeringa (*1928), Sake Hemstra (*1925), Hein Hoekstra (1902-1971), TjallingHoekstra (*1912), Jouke Feenstra (1908-1994), Ype de Jong (1890-1969), Germ Stilma (*1922), Age Jansen (*1928), Pieter Y. Hiemstra (1889-1974), Andries Vollema (*1933), Hendrik Bos (*1926), Harm Miedema (*1922)

Administraasje: Durk H. de Boer (1897-1954), Lipkje de Boer (*1934), Mintje de Boer (*1936), J. Jorritsma (*1912), W.K. de Jager (1902-1987).

Gebouwen ferkocht oan BOS Meganisaasje

De gebouwen binne yn 1969 kocht troch Bos meganisaasje B.V.

De bungalow, boud yn 1970, waard it ûnderkommen fan direkteur Henderikus Lambertus Johannes (Henk) Bos (*1944) en Cornelia Adriana Maria van Esch (*1944) mei har trije bern.

Der hawwe yn de rin fan de tiid trije ferbouwings en útwreidings plak fûn, yn 1978, 1989 en 1995. Op 't stuit beslacht it bedriuw 10.000 m2, dêr't 2500 m2 fan beboud is.

Oare kant de dyk waard yn 1986 it meganisaasjebedriuw fan Koopmans, (it ald- büterfabryk) oankocht, dat brûkt wurdt foar opslach en showroom foar lanboummasines.

It bedriuw telt 13 wurknimmers dêr't twa fan yn Lollum wurkje.

Hjoeddedei, we skriuwe 1995, wenje Geert Dijkstra (*1943) en Dieuwke Reinsma (*1946) yn de bungalow.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Boek Easterein © Foto voorblad: Onbekend

Relatearre ynformaasje


Foto’s