Pleatsen Wynserdyk en Trijehuzen

Pleatsen Wynserdyk en Trijehuzen
©: Boek Easterein

Oan de Wynserdyk steane in oantal pleatsen. Yn de tweintiger jierren fan de 20-ste iuw binne der in pear nije pleatsen boud (Okkema en Santema) En yn de ruilferkaveling is de nijboupleats Nij Oppersteed der bij kaam. Mar der binne ek in stikmannich âlde pleatsen ferdwûn, of op in nij plak wer opboud.

Trijehuzen leit oan de Wynserfeart, in farwetterferbining tusken de Eastereinder feart en de Kleasterfeart. De Wynserfeart wie eartiids de wichtichste ûntsluting fan de trije pleatsen. De ûntsluting nei de ferhurde wei, de Wynserdyk, rûn troch de greiden en wie ûnferhurde en yn de hjerst en winter min begeanber. Foarhinne rûn it paad fan Trijehuzen nei de Gouden Ingel.

Letter waard de hjoeddeistige koartere rûte keazen, wêrby 't noch wol om de pleats Rispens hinne riden wurde moast. Yn de ruilferkaveling is in brede iepenbiere betondyk oanlein.

Colofon

Boek Easterein, Alle Friezen, archief Dorpsbelang

© Foto voorblad: Boek Easterein