Pleatsen Skrok
De ferhalen oer de pleatsen en har bewenners op Skrok fertelle in soad oer de famyljes fan Easterein en jouwe in byld fan it hurde libben fan eartiids.
Fan bernestjerte, fan feesykten en fan tsjinslach dy 't late ta earmoed.
In soad ynwenners fan Easterein sille stuitsje op foarfaars út harren famylje.
Graach sjogge wy noch oanfoljende ynformaasje of fotomateriaal temjitte.
Skrok / Bûtendykikers. Skrok waard eartiids Buitendijkers neamd.
It is it âldst bewenne gebiet bûten de polder fan " it eilân fan Easterein ".
Dat komt omdat it wat heger leit. Under ynfloed fan eb en floed en stoarmen ûntstie in laach fan knipklaai, mei in slinke dy 't derfoar soarge dat it wetter wer ôffierd waard.
Gjin feilige situaasje, fandêr dat guon pleatsen op in terp boud waarden. Yn lettere tiden binne in soad ôfgroeven. Op guon plakken kinst noch sjen dat de pleatsen heger lizze.
De dyk dy 't om it eilân fan Easterein rûn, is no de wei nei Itens.
De namme Skrok betsjut Skraal en komt fan de pleats Schrok / Skrek.
Wêrom 't de pleats dizze namme krige is net dúdlik; wie de grûn net goed trochdat it hieltyd oerspield waard mei seewetter? Of wie it dêr earmoede troef.
De pleats lei achter Skrok 9; Roordama State. Ek dizze boederij is der net mear.
De pleatsen wurde yn de finsters neier beskreaun en de nammen fan de bewenners binne opsocht, û.o. mei help fan de site " Alle Friezen " en it boek Easterein en oare boarnen. Dúdlik wurdt dat de famyljes aardich oaninoar besibbe binne. Faaks út 'e driuw wei om it besit byinoar te hâlden, al foel dat net ta mei de grutte oantallen bern dy 't berne waarden.
De âlde nammen fan de pleatsen wurde, as bekend, neamd. Yn it boek fan Easterein steane se beskreaun. In oantal dêrfan is yntusken ferdwûn.
1. Ansquert (Grut Amswert ), 2.Esquert; de pleats is ferdwûn, lei tusken Engelsma en Hofstee. Dy stie op in terp dy 't letter ôfgroeven is. De namme bliuwt bewarre yn de strjitnamme Eeskwert yn Easterein. 3.Skrok, pleats is ferdwûn, de namme bliuwt.
4. Gerlwe, der is neat mear fan oer. Yn de stimkohieren wurdt beskreaun dat it in lytse pleats is, yn mei eigendom fan de prysters fan Easterein.
5. Zyon (Sion) 6. Roerdama; is ferdwûn, lei bij Skrok 9. 7. Sibada, dizze bestiet noch.
8. lyts Amswert; is ferdwûn. 9. Galehuis, stie neist Nijehuis en is der net mear.
De akte mei de buorkerijbeneaming stiet yn it saneamde dykboek, no yn it argyf fan de Tiid yn Boalsert. De akte is fan om 1595 hinne.
Ek nijsgjirrich is de fermelding fan de Houtmar, achter De Pastoriepleats, Skrok 8.
Dêr hiene alle bewenners fan it Skrok in oandiel yn. Dêr waard hout wettere.
( Paul Borghaerts )
Colofon
Boek Easterein, Alle Friezen.nl, Boek Paul Borghaerts, archief Dorpsbelang