Bewenners Easterein om 2020 hinne


Bewenners Easterein om 2020 hinne
©: Bauke de Boer

Troch de iuwen hinne binne der hiel wat Eastereinders west. Fan hikke en tein oan ymport. Wa't him thúsfielt yn it doarp en der langer bliuwt, is in Eastereinder. Guon famyljes hâlde dat al hiel lang fol, en oaren binne der noch mei dwaande. It is nijsgjirrich om te sjen wa't dat allegear binne en wat hja foar it doarp bestjutten ha.

Yn de finsters levert dat in hiel ferskaat op. Fan individuen, oant famyljes. It boek Easterein levert in protte ynfermaasje op oer it ferline. Mar ek hjoeddedei skriuwe we skiednis as it om Eastereinders giet. Kinne we mekoar noch?

Om 2020 hinne is it projekt " Eastereinders by de foardoar " fan fotografe Willy Sijbesma ta útfiering kaam.
De bewenners fan Easterein binne by de foardoar fan de wenning op foto set, en dêrnei binne se op strjitnamme rubriseare en publisearre yn de Doarpskrante.
Op in pear nei binne hast alle strjitten mei bewenners portrettearre. Oanfuljend hat Folkje Visser de bewenners fan it Smidslân en de Koaifinne yn 2024 noch op foto set.
Foar no en letter nijsgjirrich om der kennis fan te nimmen.en wa wennet der no en of earder.

© Foto voorblad: Bauke de Boer
Lês mear



1 | 2