Andries Joustrastrjitte
De earste pear blokken fan fjouwer wenningen oan de Andries Joustrastritte binne yn 1952 boud. Dernei folge in boustop. It doarpsbelang hat har ynset om nog mear wenningen te bouen. Mei in boarchstelling fan de Herfoarme Tsjerke slagge it om it bouplan ôf te meitsjen yn 1964/1965. De strjitte is ferneamd nei de fersetsheld Andries Joustra, 1919- 1944. Joustra is fusilleard yn konsintraasjekamp Vught op 18 augustus 1944.