45. De Donia's
Snypsnaren troch Jan Hiemstra
De Donia ‘s
Yn 1948 waard ‘sportvereniging Oosterend en omstreken’ oprjochte. Dit wie in oerkoepeljende feriening fan gymnastykferiening O.D.I., Landelijke Rijvereniging De Donia ‘s en fuotbalklup VVO (letter SDS). Letter kaam keatsferiening Easterein der by (der waard oant dy tiid ta op it stik fan it Dobbelân tsjinoer de pastorij keatst).
In sportterrein
De feriening waard oprjochte om de tsjerkfâden fan de herfoarme tsjerke sa fier te krijen om fan it stik lân (de Skoalleseize) dat bebuorke waard troch Hendrik Kuiper in sportterrein te meitsjen. Om it safier te krijen wie druk noadich, want it nut fan sport waard net botte ynsjoen. Twa fan de tsjerkfâden wiene lykwols de heiten fan twa leden fan de rydferiening: Yede Minnes Sjaarda de heit fan Minne Sjaarda en Yede Durks Sjaarda de heit fan Durk Sjaarda. De boeresoannen en efterneven, Minne en Durk, hearden yn 1940 by de oprjochters fan de Donia ‘s.
De Skoalleseize
Op it plak der ‘t it no noch leit waard in stik greide sportfjild. Boer Kuiper krige in ferfangend perseel, it stik der ’t no de sporthal op stiet. It omfoarmjen fan greide ta in sportfjild wie in hiel o-heden. Der kaam by dat op it part foar Elba in maneezje oanlein wurde moast. Dy maneezje op it sportfjild begûn tichteby de wenhuzen en rûn troch oant it pleintsjes foar de sânbak fan de beukerskoalle en de feart dy ’t yn de moestúnfeart by de pastorij útkaam. No rint de dyk fan it ’t Heechhiem nei de Stittenserleane der oerhinne en is der in part fan de eardere maneezje by it hiem fan Elba kommen.
Maneezje ein fan de fyftiger jierren. Op de eftergrûn de huzen fan Elba. Dúdlik is te sjen wer ’t it sintelpaad rint. De maneezje is mei gers begroeid, want de hynstestront bleau meastal lizzen. It famke op de foargrûn is Jetske Hiemstra dy ’t op it pleintsje foar de sânbak fan de beukerskoalle stiet.
Hynders en ruters
De maneezje kaam der spesjaal foar de Donia-ruters út Easterein en omkriten. Dit wiene boeresoannen, want sy wiene de iennigen dy ’t oer in hynder beskikten en boeredochters rieden noch net. Miskien seagen de oprjochters oankommen dat der yn de oarloch net al tefolle fertier wêze soe en dêrom nei wat ferdivedaasje deun by hûs socht waard. De hynders wiene de ‘gewoane’ hynders dy ’t oerdeis it boerewurk diene: swiere weinen lûke, foar de meanmasine en de hiele dei yn it spier. Soks jilde ek foar harren bazen. Dy sieten simmerdeis moarns goed fjouwer oere al ûnder de kij. Mar dochs: in fersetsje foar minske en bist wie nea ferkeard. As de bisten der ek sa oer tochten is harren nea frege!
De oanlis fan it fjild
Op it fjild moasten wurkleazen troch de DUW (Dienst Uitvoering Werken) oan it wurk. Sels guon dy ’t noch nea in lodde yn de hân hân hiene! Se moasten gleuven foar it pleatsen fan drainagebuiskes grave, want in sportfjild hearde ek yn hjerst en winter brûkt wurde te kinnen.
It oanlizzen fan de maneezje waard in ferhaal apart. It stik foar Elba moast draineard, mar ek nochris sa ’n 40 sintimeter útgroeven wurde. In part fan de modder waard brûkt om de greppels te sljochtsjen en in part is jierren lizzen bleaun as reserve om lettere gatten op te fullen. Foar de útgroeven klaai kaam readbrún wâldsân yn it plak. It foel net ta om dit te plak te krijen. It waard oanfierd mei skipkes dy ’t oan de Skippersbuorren leine; dêrwei moast it nei it fjild. Der wiene twa mooglikheden: of mei hynder en wein it hiele doarp troch, lâns de Itenserdyk en oer de reed nei Elba en ûnderweis noch troch fjouwer hikken. Dat wie ek it offisjele paad. De oare mooglikheid wie mei de kroade lâns de feart der ’t no de dyk leit en oer de strjitsjes fan ’t Heechhiem 7 en 3. Foar it kroadzjen waard keazen. Sadree der in skip fol sân oan de Skippersbuorren lei, moasten de boeresoannen jûns efter de kroade yn it spier om it leech te krijen.
Sintels
Drainage en sân wiene net genôch foar in goede maneezje. De bûtenste râne fan in pear meter moast fersterke wurde. Dat barde mei sintels út it molkfabryk (sintels bliuwe oer by it ferbrânen fan stienkoal). Dy sintels waarden ek troch de boeren brûkt om harren reden te ferstevigjen. Hjoed-de-dei soe soks ferbean wurde fanwegen de swiere metalen dy ’t yn sintels sitte.
Nei in flinke oanslach op de beurs en in soad ynspanning lei der in prachtige maneezje. De leden fan de Donia ’s hoegden net mear yn de finne fan Minne en Durk te riden en koene oan de slach foar it ‘echte’ dressuerwurk.
De ruters
Foar ús as doarpsbern hie de maneezje wat geheimsinnichs. Der waard in sport op beoefenen dy ’t fier fan ús ôf stie en der ’t wy fan tochten dat it hiel wat koste. De hynders wiene der wol, mar de beriders seagen der yn de rin fan de tiid hieltyd lúkser út. Yn de begjinjierren wie der noch wolris in ruter mei spoaren oan gewoane rubberlearzens en in sek of dweil as ‘sadel’, mar al rillegau kamen rydlearzens mei spoaren en in cap op ‘e holle. As der dan útpakt waard op in toernoai dan kamen de strakke rydbroeken, de swarte jaskes mei de wite boesgroentsje en de strik der by foar, oan.
Dressuer
Foaral op sneontemiddei waard der oefene. Ik sjoch de wite buordsjes mei de swarte haadletters noch om de maneezje stean en de ynstrukteur yn it midden: ‘bij A afwenden, by D yn galop, by H van hand veranderen (en dan fleagen de hynders skean oer de maneezje), ensfh..’ Foar ûnderlinge wedstriden mei oare ruterferieningen sa as de Molenruiters fan Vroubuurstermolen, de Waterpoorters út Snits en de Gaasterlanners út Gaasterlân moast der tige oefene wurde. As it dan sa fier wie seagen hynder en ruter der ‘top’ út.
Foar ús as fuotballers en keatsers wiene dy ûnderlinge wedstriden net it grutste ‘genoegen’. Foar al dy hynders dy ‘t moarns mei feeweinen oanfierd waarden, of rinnendewei út de omkriten fan Snits kamen, wie de maneezje te lyts. Op in hoeke fan it sportfjild waard dan in trajekt útset om yn te riden, mar sa no en dan naam in bist in spurt dwers oer it fjild. Wy sieten dêrnei mei de gatten dy ’t troch de hynstepoaten ûntstiene.
Fuotbalhoekje
Wy hiene ek profyt fan de maneezje. Nei de drainaazje operaasje die bliken dat it wetter op de measte plakken op it sportfjild noch min fuort woe. De maneezje wie in geunstige útsûndering en dêrtroch koene hiel wat Eastereiner jonges nei skoaltiid in skoftke op de maneezje fuotbalje.
Ek de bysûndere blommen dy ’t yn de begjinjierren yn it sân fan de maneezje bloeiden, sa as boskfioeltsjes, ha bydroegen oant myn oantinkens oan dit bysûndere stikje sportterrein dat letter ferdwûn is om ’t der yn 1967 de feriening noch mar twa ridende leden mear hie. Oant 1976 is de feriening, nei in sliepend bestean fan njoggen jier yn Wommels op ‘e nij begûn.
Betink Eastereiner doarpsfeestfierders, dat de feesttinte der ’t jim yn sitte, foar in part op de âld maneezje stie!.