29. Hallelujah
Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Hallelujah
Hallelujah song net mear. Dat wie yn 1989.
Der sille hiel wat Eastereiners wêze dy ’t net witte dat der tusken 1902 en 1989 yn ús doarp in kristlik mingd koar (manlju en froulju) bestie. Dit wie net sa mar in koar; de leden songen it heechste lied yn de ôfdieling ‘uitmuntendheid’ (de ôfdieling ‘by útstek’) en dat wie foar in doarpskoar net min. Yn in mingd koar wurdt fjouwerstimmich songen troch de hege frouljusstimmen, de sopranen; de lege frouljusstimmen, de alten; de hege manljusstimmen, de tenoaren en de lege manljusstimmen, de bassen.
De feriening
It koar hie leden, in bestjoer én in dirigint. Dy leden kamen foaral út Easterein, mar ek út de omlizzende doarpen sa as Itens, Rien en Hidaard. Der wiene ornaris mear froulju as manlju lid en benammen yn de lettere jierren wie it in hiele toer om de manlju ’s partijen goed genôch beset te krijen. Úteinlik wie in tekoart oan manljusstimmen, en benammen de bassen, yn 1989 funest foar it fuortbestean fan it koar. De manlju woene noch wol sjonge, mar net mear yn in mingd koar, want manljuskoaren sa as Edoza yn Snits, groeiden as koal. Fan de 26 leden yn 1989 wiene der noch mar twa dy ‘t de baspartij sjonge koene en dat wie te min. Foar it bestjoer siet net oars op as der mei ophâlde. Dat wie in bestjoer dat doe al net mear oan de oarspronklike regleminten foldie, want deryn stie dat fan de fiif bestjoersleden der yn elk gefal trije Herfoarmd wêze moasten!
It repetearjen
Al dy jierren waard der op woansdeitejûn yn de Âld Skoalle (Us Gebou) repetearre. De nûmers dy ’t songen waarden stiene op muzyk blêden: teksten mei de noaten derboppe. Hiel wat koarleden koene noaten lêze, want dy hiene oargel- of pianoles hân. Mar der wiene der ek dy ’t dat net koene en dêrom waard der earst per partij oefene om oan inoar te wennen.
De sopranen hiene meastal it wyske (de melody), de alten de twadde, de tenoaren de tredde en dêrûnder de bassen as basis, de fjirde stim. As de eigen stim ynstudearre wie dan gong it dêrnei mei-inoar. Der wiene lykwols koarleden dy ’t harren stim (harren partij) wol sjonge koene as se tusken de eigen stim stiene, mar der mei oan wiene sadree ‘t se njonken ien fan in oare stim bedarren. Wize hâlde foel dan net ta.
De dirigint hie de lieding en joech allegearre oanwizingen. It earste wat er die, wie mei in stimfoarke en letter de piano, de toanhichte fan de ferskate partijen oanjaan.
Harmoanium en piano
Oarspronklik stie der yn de de Âld Skoalle in harmoanium. De measte minsken neamden it it oargel, mar in oargel hat pipen en dit ynstrumint in luchtsek dy ‘t fuld wurdt troch op pedalen te traapjen. It lûd is wat seurderich, mar by gebrek oan better waard it troch it koar brûkt, mar ek troch allegearre ferieningen dy ’t fan de Âld Skoalle gebrûk makken. Foar it repetearjen fan in koar wie it net sa geskikt en Hallelujah die in hiele haal mei de oanskaf fan in piano. Foar Eastereiner begripen wie soks in ‘boppeslach’, wis as master Kornelis der op spile.
It repertoire
Hallelujah wie in kristlik koar en der waarden dus ‘kristlike’ lieten songen sa as psalmen en gesangen, lieten fan Johannes de Heer en Suzanna van Woensel Kooy. Dêrneist stiene der fleurige sankjes út it Frysk lieteboek en drege stikken fan grutte komponisten as Bach, Mendelsohn, Verdi en Mozart op it repertoire. En dan hiene je noch de ferplichte konkoers-stikken: faaks like dreech.
Konkoersen
Hallelujah gong twa kear jiers nei in konkoers: de iene kear nei it offisjele konkoers fan it sangersbûn, de oare kear nei in frij konkoers. Op dat bûnskonkoers gong it derom oft men goed genôch wie foar de klasse der ’t yn songen waard, heger koe … of in stapke tebek dwaan moast. Dan beharken en beoardielden in pear sjueryleden de prestaasjes. Helle in koar faak genôch in earste priis dan mocht it nei in hegere klasse, mar soks hoegde net. Hallelujah helle meastal in earste priis, mar it doarpskoar bliuwde yn de nei-oarlochske jierren altyd yn de ien nei heechste ôfdieling. Dat wie ‘machtich’ genôch. Foar de oarloch helle it koar sels in kear de Noardske Balke (de heechste priis) en letter – yn 1951 – de Lytse Noardske Balke as ien nei heechste priis. Tidenlang stie dizze priis yn de VIVO-winkel fan ien fan de leden (‘Tiede’-Alie Ypma) Tsjerkebuorren 23.
De oantinkens oan it priissjongen waarden grutsk toand yn de medaljekast dy ’t yn de Âld Skoalle hong. It koar hie net krekt sa as it korps in findel der ’t se op koene om mei troch de buorren ‘sleept’ te wurden.
It útsje
Foar de leden wie it konkoers earnst en in útsje. Foar de dirigint kaam it útsje meastal earst nei it optreden, want as dirigint woene je ûnder de eagen fan jo kollega ’s net ôfgean. Der stie druk op de tsjettel.
De tocht nei it plak fan optreden wie bytiden in aventoer. Meastal waard der mei de LAB-bus reizge, mar it kaam ek foar dat it skip fan de Joustra ‘s, Ype wie koarlid, oantúgd waard. Der is sels in kear mei de de fee-auto fan de ‘Gebroeders Vellinga’ nei it konkoers reizge, om ’t der gjin bus mear te besetten wie. (‘Folkerts’ Kee Vellinga wie koarlid en ponghâlster.)
Op it konkoersterrein waard jûns faaks in toanielstik opfierd. Sa heucht it my noch dat der begjin fyftiger jierren in konkoers yn Easterein op it sportfjild wie, mei jûns it toanielstik Mariandel troch it selskip Nim it sa ’t it is út Itens en Rien. Haadrollen wiene der foar frou ‘beppe’ Tjitske de Jong dy ’t in krudenierswinkeltsje yn Rien hie en Wiebe Bonnema fan Meilahuzen.
De diriginten
Jierrenlang wiene de haden fan de kristlike legere skoalle sa as master P. Smid (fan 1910 – 1923, master G. Froentjes (1923 – 1936) en master A.Y. Kornelis (fan 1936 – 1969) de diriginten fan it koar. Fan de 87 jier dat it koar bestie, hat Kornelis mar leafst 33 jier dirigint fan Hallelujah west.
Jierrenlang hoegden dizze skoalhaden /diriginten it skoalplein mar skean oer te stekken om yn it repetysje lokaal te kommen. Dat feroare doe ’t Kornelis yn 1965 ferhuze nei it nije skoalhûs oan de Sjaardaleane.
Optredens
Der waard net allinne foar it konkoers oefene, mar ek foar optredens. Sa wie der alle jierren yn de grifformearde tsjerke in útfiering. Dizze tsjerke oan de Wynserdyk wie hjir tige geskikt foar; de akoestyk wie better as yn de Âld Skoalle, foar de preekstoel wie in soarte poadium en der koene wat mear minsken yn. De tsjerke like dan op in ‘konsertseal’ der ’t sels in tal fan jierren efterinoar it Frysk Orkest in konsert joech.
Peaske en de kryst wiene hichtepunten en waard der yn de mande mei it korps de tsjerkesjongtsjinst op de twadde kryst- en de twadde peaskedei begelaat. En dan wiene der noch de optredens yn de ‘âlderein huzen’ sa as Nij Stapert.
It doek falt
Doe ’t it doek foel betsjutte it net dat Easterein net mear song. Earst wie der noch it famkeskoar de ‘Greideklanken’ en oant de dei fan hjoed wurdt der sa no en dan in ‘gelegenheidskoar’ foarme. Mar Hallelujah is foarby.