https://easterein.argyf.nl/FYhttps:/www.easterein.argyf.nl


Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Ut it libben fan dr. Hofstee (Sjoch ek it filmke dat bij dit finster heart) Pieter Eltjo Hofstee (1905 -1961) troud mei Anke Cornelia Bolt (1912 -2006) kaam yn maart 1935 as opfolger fan dr. Christiaan Bernardus Wilhelmus Verweyde nei Easterein. It earste bern dat er op'e wrâld holp is Jan van Eijck (* 1935) út Itens. Hy krige in sparbankboekje mei fl. 10 gûne. Yn novimber 1935 waard Hofstee beneamd ta gemeente genêshear tegearre mei CH. B.W. Steenvoorden. Se wiene gersprekspartner foar de wethâlder dy't oer de folkssûnenssoarch gyng, en krigen hjirfoar in bydrage út de gemeentekas. It wie gjin fetpot yn dizze perioade. Hofstee hie konkurrinsje fan de dokters út Wommels. Dêr sieten Nammesma en Stoffelsma. Dat sil ek krap west hawwe. Dus Stoffelsma dy't ek in "earmepraktyk" hat, hâldt sitting yn Easterein. Op de Wynserdyk yn it hús fan de famylje Rienstra. Dat is Wynserdyk 11. It eardere tsiispakhûs.  Dokter Hofstee is in moderne dokter. Hy rjochte it konsultaasje buro op. It foel ûnder it griene krús. Earst yn de bewarskoalle op it Skilplein. Letter oan de fan Eysingleane by him thús. Dat is te sjen op de Schnitzelbank.  Der hat in grut ôfskiedsfeest west fan it doktersechtpear, want de minsken wiene tige wiis mei harren. Der is in schnitzelbank en in wandboerd fan Makkumer ierdewurk oanbean troch alle doarpen dêr't Hofstee wurksum wie. Boargemaster J. van Hout wie oanwêzich en de lieding wie dy jûn yn hannen fan H. Bootsma. Hofstee waard skoaldokter yn Zuidhorn. Se binne sûnder bern bleaun en de Schnitzelbank en it boerd binne fia in nicht fan frou Bolt yn besit kaam fan Doarpsbelang Easterein. Wat is in Schnitzelbank In Snitzelbank kin je omskriuwe as in film op in lange rôle behangpapier. Dizze waarden om 1945 hinne in soad makke foar trouwerijen en yn dit gefal ek foar it ôfskied fan Hofstee. De tekener fan dizze Snitzelbank is Migchiel Hiemstra berne op 14 -7-1891 yn Wommels en stoarn 28 -5-1975. Syn frou Marijke (Maria) Dantuma (1888 - 1953) komt út Easterein. Hiemstra is hússkilder fan berop. Hy wie in learmaster foar in soad minsken. Dêrneist koe er moai skilderje en houtsnijen. Hy makke faker Snitzelbanken yn opdracht.

De hokken van Joustra.Sa wurde se yn Easterein ek neamd. By it útsykjen fan de skiednis fan de hokken docht bliken dat de namme net de hiele lading dekt. De hokken tsjinnen as tydlike opslach fan brânstoffen en guod. En dus foar wurkgelegenheid. It is bysûnder dat de hokken der noch hieltyd stean. Fan twa kanten berikber oer it wetter. Handich yn de tiid dat in soad transport oer it wetter gie. De feart oan de strjitkant is om 1930 hinne tichtsmiten. Húsnûmer 2It earste turfhok wurdt boud yn 1903 troch Wiebren Sjirks Joustra (1843 - 1927). It is it hok rjochts op de foto. Dus fan it Skilplein ôf it earste hok. Joustra ferkeapet it hok oan C. Spoelstra (1856 -1918). Om 1917 hinne keapet Gerrit Joustra (1879 -1942) it hok. Soan Ype G. Joustra (1917 - 2002) fertelt: " Doe't ús heit it oernaam. wiene der noch in pear sliden mei de nammen fan de opskildere fan 'W. Joustra'en' K. Spoelstra '. Ype Joustra nimt it oer fan syn heit. Hûsnûmer 4, it twadde hok wurdt ek boud yn 1903 troch Folkert C. Joustra (* 1877). Hy moat in fersyk yntsjinje by de tsjerkfâdij om op de grûn fan de tsjerke in hok bouwe te meien. Dat fersyk wurdt ynwillige. It hok wurdt letter ferkocht oan turfskipper Gerrit Pieksma (1867 - 1950). Hy wenne op de Grieneleane en syn skip lei meastens yn de Leane. Sa waard de feart ek neamd dy't lâns de Grieneleane rûn. Dat hok is op in stuit kocht troch Johan Mulder en no (2024) yn besit fan Ype Joustra (1952).   De ûndergrûn is eigendom fan de tsjerke. Der moat hier betelle wurde. Sa stiet yn de notulen fan de tsjerkfâden fan 3 septimber 1903 te lêzen. It is fl. 0,03 sint de m 2. It is in prachtich plak mei oan twa kanten wetter. De haadyngong fan it hok (letter hokken) is oan de wetterkant fan de Eastereinder feart. No is dat de achterkant.   Hûsnûmer 6. It tredde hok is net as turfhok brûkt. Yn 1905 komt it fersyk by de tsjerkfâdij binnen foar it bouwen fan it hok. Yn de notulen stiet it sa beskreaun:'een plekje grond tot bebouwing eener timmerschuur tussen de houten bergplaatsen van Folkert Jouwstra en Douwe S. Sandstra. It hok hat fakken foar opslach fan grint en sân foar timmerman Willem Leeman (1879 -1949). Willem wennet op'e Skippersbuorren. Flak foar de twadde wrâldoarloch kocht Sijtse Lucas Sijtsma (1886 -1959) it tredde hok. Sijtse Lucas hannele yn twaddehâns guod dat er hjir opsloech. Boppe de doar stie te lêzen: S.L. Sijtsma. Hanneler yn twaddehânsguod. Foar 1974 is it pân wer yn eigendom by de famylje Leeman. Blijkens akte wurdt Jan Kamstra (* 1935) yn 1974 eigener fan de ûndergrûn. Foar in bedrach fan fl. 60, - Letter brûkten Enno Bruinsma (1938 - 2020) en Jelle Brouwer (* 1948) it hok foar opslach - en ferkeapromte fan antyk en kuriosa. De opbringsten dêrfan gean nei goede doelen. Yn 2016 is dit hok ferkocht oan Ernst Stollenwerk.   Hûsnûmer 8, it fjirde hok, is earder boud as it tredde hok. (1904?) It is earst in berchhok foar Douwe Jetzes Sandstra (1853 -1931), fan berop Kapitein fan de stoomboat "Onderneming III". Letter keapet er de "Paul Kruger". Op dizze boat kinst as passazjiers meifarre nei Snits. Op freed fart de boat nei Ljouwert nei de merk. Der wurdt ek fee yn ferfierd. It hok wurdt oernaam troch de bruorren Muurling, turfskippers wenjend fan 1944 ôf op it Heechhiem. It is yn eigendom kaam fan Tynke Joustra (* 1948). Sy hat it ferkocht oan Gerrit Faber. Ek oan de huidige Skoallestrjitte stiet noch in hok dat tsjinne as opslach en turfhok. It leit in 100 meter fierderop oan de oare kant fan it wetter. Yn Easterein bekend as "Joustra Branje". De eigener is Pier Tuinema (1849 -1910). It wurdt boud troch syn skoansoan Harmen Schaafsma (1884 -1973). Tuinema is ek turfskipper. Nei syn ferstjerren hat Meintje Bouma (1856 -1933) it bedriuw noch lang fuortset. In skipper út Drinte, Thijs Zondag, brocht har de turf. Foar de oarloch is it hok ferkocht oan de firma Joustra. Sa is de saak Joustra Branje útwreide. De oarsponklike doarren sitte oan de achterkant. De skippers farden efter del om de turf te lossen. De foarkant fan de hokken stiet oan de Skoallestritte.

Skiednis fan de herberchDer is al yn de sântjinde ieu sprake fan in herberch op dit plak, lykswols al folle earder stie hjir sa'n ûnderkommen, al is men der wis fan dat it mear nei achteren stie.  Yn de Stads en dorpskroniek (dr. G.A. Wumkes) stiet by 1 maart 1743: "Op het noordwesten van Oosterend is een nieuwe herberg gebouwd, in welker gevel het opschrift staat:'Tot dienst van 't gemeen en Oosterends verciering,is dit gebouw gesticht door goede dorpsbestiering.' De Oostra's ha hjir kastlein west. Se hawwe yn 1812 har achternamme oannaam fan it doarp Oosterend. Yn 1853 waard de dyk oanlein fan Easterein nei Wommels. It kafee waard in plak wêr't men oanstekke koe. It wie in pleisterplak en ek foar gearkomsten koe men der terjochte. Der waarden ek begraffenissen hâlden mei it begraffenismiel. De minsken wiene earder oeren ûnderweis om de lêste eare te bringen.De nije herberch Yn 1860 is de hjoeddeistige herberch boud yn in styl dy't past by de 19e ieu. Under de taap, in boppeseal en yn de achterein de buorkerij. Yn de tsjerkerekkenboeken fan de herfoarme gemeente stiet: '  In 1860 werd opdracht gegeven aan Jelle Arjens Timminga, Pieter Bouwes Hoekstra en de toezichthouder Tjerk Dirks Wijma tot het bouwen van een nieuw logement met schuur tegen een bedrag van fl. 9526,87. Dit wordt in eerste instantie betaald. Later zal voor, hoed en noed nog een bedrag verrekend, zodat het totale bedrag rond fl. 10.000 zal hebben gelegen.'Ek kin men lêze hoefolle macht de tsjerkfâden doetiids hiene. Yn it hierkontrakt fan 1883 waard fêstlein, ' in het huurcontract te worden opgenomen dat men zoo veel mogelijk de openbare godsdienst bezoekt, de kinderen en onderhorigen getrouw ter catechisatie te doen komen bij de eigen leraar en de eigen leraar en de kinderen op de chr. school te zenden, zoo daar geen overwegende bezwaren tegen bestaan.'De hierder Heeringa skreau dêrop oan de tsjerkfâden dat er beswier hie om de bern nei de kristlike skoalle te stjoeren. Der kaam in bemiddeling troch ds. J.J. van der Weijde (*1836-1906) en dat hie sukses. Der kaam in kompromis, mar ek nije rigels waarden der taheakke oan it hierkontrakt.- it biljert moast ferwidere- der mocht net dobbele en kaartspile wurde.- der mocht sneons nei 18.00 oere oant moandeitemoarn net sterke drank skonken wurde. De ynfloed fan de tsjerkfâldij hat lange tiid fan grutte ynfloed west. It kafee mocht ek lange tiid net iepen op snein. Dat is feroare doe Jan Bergsma de kastlein wie. De famylje Bergsma hat 97 jier kastlein west yn it kafee. De namme fan it kafee is in begryp yn hiel Fryslân wurden. In protte jongelju ha elkoar troffen en fûn op in feest of dûnsjûn by kafee Bergsma.It kafee is it âldste yn Fryslân. It is in "monumint" fan bûten en fan binnen. Dat alles yn it kafee yn âlde steat bewarre bleaun is, ha wy te tankjen oan de famylje Bergsma. Foaral Jan Bergsma hat der alles oan dien om de autentisiteit te bewarjen. Dêrtroch is it kafee ek meardere kearen brûkt foar films. Foar Easterein is it kafee in markant en byldbepalend gebou en in sosjaal trefpunt. It karakter is net feroare, de funksje is wol oars wurden. It restaurant en partysintrum is no de haadfunksje. It is geweldich dat de útbaters fan Bergsma "it karakter fan wolear" behâlde. In pear opmerkings út de notulen fan de tsjerkfâdij:  1923:'De heer F.B. Eekma (1862- 1929) vraagt of er bij J. Bergsma toneelvoorstellingen worden gehouden en zou daaromtrent gaarne een verbod zien gegeven. J. Bergsma krijgt bericht dat voortaan geen voorstellingen meer op de zaal van de herberg mogen worden gehouden'.  1942: 'Wat het bordje 'Verboden voor joden' in de herberg betreft, dit valt niet te weigeren waar het een openbare gelegenheid betreft. Sluiting van de herberg zou de eenige oplossing zijn, maar in zijn consequenties misschien meerder moeilijkheden meebrengen, waartoe kerkvoogden daarom geen voorstellen willen doen.' 1944:'Sj. Heeg vraagt of het café van Bergsma Zondags niet is gesloten en of er dan geen mogelijkheid is te beletten, dat Duitschers daar Zondags komen. De voorzitter antwoordt, dat de herberg wel Zondags is gesloten, maar dat het binnenkomen van Duitschers niet kan worden verhinderd daar deze in opdracht handelen en verzet daartegen niet mogelijk is.' Bewenners: 1860: Petrus Rintsjes Heeringa (1834 - 1890) berne yn Boazum fan in boerebedriuw, troud yn 1859 mei Aafke Ates Ypma (* 1842 - 1893) berne yn Easterein.Se krije 8 bern wêrfan 't it earste bern Beitske berne yn 1860 yn it earste libbensjier stjert. De folgjende bern binne: Rintje (* 1863) Maaike (* 1867) Tetsje (* 1868) Tietje (* 1870) Jan (* 1872) Trijntje (* 1877) Ate (* 1879) Petrus wie gjin maklike broeder, hy is op 23 jannewaris feroardiele yn Ljouwert ta in finzenisstraf en ta betelling fan de kosten fanwegen mishanneling. Ek dochter Maaike liet har de tsiis net fan it brea ite yn 1896 spruts se de tsjerkfâden oan: " Uit de notulen van de kerkvoogdij vergadering van 2 december 1898: "De heren S.P. Strikwerda, K.O. de Jager en W.J. Feitsma in hare vergadering als armvoogden (in het cafe) kregen beledigende woorden naar het hoofd geslingerd door Maaike Heeringa in hoofdzaak over het vergunningsrecht."  1909: Sybren Jacobs Begsma ( *1880-1911) geboren te Exmorra gehuwd in 1903 met Antje Hendriks Vollema (*1881-1950) te Poppingawier. Sybren wie earder slachtersfeint yn Easterein. Se krije 3 bern, Jacob (* 1904) Jantje (* 1905) en Doutzen (* 1908) Yn 1909 kinne se it kafee hiere en wurde katelein. Dan slacht it needlot ta. Op 31 - jierrige leeftiid komt Sybren te ferstjerren. Mei wat help hâldt Antje de boel draaiende. Yn 1915 trout hja { _ 82697 left 200px_ } opnij, mei de broer fan Sybren, Jan Jacobs Bergsma (* 1886 - 1965 ).  Se krije tegearre noch twa soannen, Sybren (* 1917) en Jelle Hendrik (* 1919) Jan Bergsma docht in fersyk yn 1916 by de tsjerkfâden om de herberch te fertimmerjen. Der moat mear romte komme foar rydtugen. It wurdt regele en der komt plak foar 6 rydtúgen. Dêrby wol ek de begraffenisferiening " De Laatste Eer " in lykkoets oanskaffe en dêr stâle. En dat is yn 1917 in feit. 1949: Jelle Hendrik Bergsma (1919 - 2001) troud mei Ali van Essen (* 1922) Sy krije 5 bern, Froukje, Jan en Titus (twilling) Siep en Robert. Titus en Jan binne beide yn de horeka gien. Titus hat jierrenlang de kantine yn de sporthal beheard en Jan hat it kafee oernaam. 1980: Jan Bergsma (* 1954) troud mei Cornelia Strikwerda (* 1955 berne te Kanada) Jan keapet it kafee fan de  Tsjerke. Under it behear fan Jan en Corrie wurdt it kafee ferboud yn 1987. De skuorre is in seal wurden dêr 't 450 minsken yn passe. De âlde sfear wurdt behâlden. 2006: Ab de Bruin troud mei Yvonne Tol nimme it kafee oer. Fan dy perioade ôf wurdt it restaurant yn it kafee opset. It wurdt in grut sukses. De âlde sfear bliuwt behâlden. De namme fan it kafee wurdt feroare nei Noflik. 2014: Hendrik de Jong en Kim Mulder. Sy hiere it cafe fan Ab de Bruin. Se binne bleaun oant 2019. 2019: Jelien Pompstra trout mei Jan Piet van der Meer. Sûnt 2019 is Jelien bestjoerder en eigener fan it kafee. Se hat de namme wer werombrocht fan Noflik nei Bergsma.