Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Tal fan Eastereiner beukers út de perioade 1947 – 1954 ha by ‘juffer Rinkje’ (Rinkje van der Wal) yn de klasse sitten. Doe ’t ik yn 1947 op de beukerskoalle kaam, kaam sy der ek. Noch net as juffer, mar as in jong fanke om it fak by Anneke van der Meer te learen. Ik wit net mear hoefolle dagen se ‘staazje’ rûn, mar se wie yn dat earste jier ek noch faam by Tiede Hijlkema oan de Wommelserdyk (no Van Eijsingaleane 27) en gong nei de oplieding foar beukerliedster yn Snits. Dat ferrûn allegearre poer bêst en se helle har ‘akte’ (diploma) as beukerliedster.

Juffer Anneke waard yn 1948 yn Wommels beneamd. Dêr kaam doe ek in beukerskoalle. Rinkje folge har, noch mar 17 jier âld, op. Se wie noch wol hiel jong, mar hie it fak yn de fingers. Op de foto sjogge wy de jonge juffer Rinkje by de doar der ’t tal fan bern yn de rin fan de jierren trochhinne gongen binne.



Dyselde Rinkje komme wy ek tsjin op de foto op de oare side mei de klasse dy ’t se yn 1951 hie. Dy foto is op in hiel bysûnder plak nommen. It is no in part fan de dyk oan de efterkânt fan de huzen fan it Skilplein en de kopse kant fan de Skoalseize. Hjir rûn oant 1958 ta in feart. It wie in ferbining tusken de Skippersbuorrenfeart en de Sebeare. Oan de parkearplakken mei no de glêskontener wie de sânbak der ’t de bern fan de bewarskoalle yn boarten. De foto is ûngefear op dit plak makke. 

De sânbak

Yn de oarloch (WO II) fûnen de Dútsers ‘beweging’ belangryk en soks moast al mei de bern begjinne. Dêrom waard der op it plak op dizze foto in sânbak oanlein. Tusken Skilplein 25 en doe noch de legere skoalle (no Skilplein 27) kaam in paadsje mei in brechje oer de feart foar ‘t Heechhiem 7. Ferfolgens in tegelpaadsje nei links op it plak der ’t no it trottoir lâns de dyk nei De Skoalseize leit. Op ûngefear de yngong nei de kantine bûgde it paadsje links ôf en dan kamen je by de sânbak. Dêr waard in gat groeven der ’t reade sân yn kaam en foar de sânbak kaam in tegele pleintsje. De  
bern koene dêr boartsje en …. gymnastykje.



By it iepenjen fan de foto's kin men per bern de nammen besjen.
 

Nei de oarloch moast alles wat troch de Dútsers betocht wie sa gau as mooglik ferdwine. De sânbak fertutearze. As kattebak die er it geweldich, mar foar bern net mear geskikt om te boartsje. Boppedat waarden de bern fan it reade sân sa smoarch as bargen.

Mar tiden hawwe tiden en soks jilde ek foar de sânbak. Ein 40-er jierren kamen de minsken dy ’t der ferstân fan hiene dat beweging ek foar pjutten en beukers goed wie op it idee de âld sânbak te renovearjen. De tegels foar de sânbak waarden op ‘e nij lein, it gat der ’t it sân yn lei waard op ‘e nij útgroeven, der kaam drainaazje op ‘e boaiem. It reade sân waard ferfongen troch giel, it tal m2 waard útwreide, der kaam in kreas stek omhinne om minsken en bisten ‘bûtendoar’ te hâlden en der waard in oerkaping mei in bankje makke der ’t de bern sitte en boarstje koene as it waar net alte-alte wie. Ik tink dat de sânbak oant 1964 doe ’t de beukerskoalle ferpleatst waard nei Vrijburg 1 yn gebrûk west hat.

Op de foto boppe-oan stiet de klasse mei de lieding. Mei Tjerkje de Vries (Kooistra) ha ik de foto besjoen. Wy koene net alle bern thúsbringe, mar de nammen der ‘t wy fan tinke dat wy it witte folgje, somtiden mei in fraachteken en as wy it hielendal net wisten allinne in fraachteken.

 

 

 

Stittens Op dit plak is iuwenlang buorke. Yn de boeken komt Dotte " Doania " op Stittens foar as eigenierde boerinne, dat is yn it jier 1453. Se wol har besit oerdrage oan de tsjerke, ûnder it behear fan de tsjerkfâden.
Sa komt dizze pleats yn dizze perioade by it tsjerklik besit.
It besit hie ek in spesjale namme, it Vrijleen, it wie in stúdzjelien.
Yn 1748 slagget it net om in hierboer te finen.
Yn Snits wurdt ûnder tromgeroffel bekend makke dat de pleats te hier is.
Der komt in Sjoerd Heerz foar ien jier op de buorkerij.
De hûzinge is yn minne kondysje, en wurdt dan ferboud.
Letter yn de 19e iuw komme we nammen tsjin dy 't noch altyd bekend binne yn Easterein.
De pleats dy 't der no stiet is boud yn 1911. De âlde pleats stie mear eastlik.


1. Wybe Djurresz troud yn 1734 mei Pyttryk Tijssens.
Yn de earste helte fan de 18e iuw warret de feepest om, en ek de feesteapel fan Wybe Djurresz wurdt troffen. Wybe Djurres kin de hier net mear betelje en de hier wurdt opsein.
Hy komt yn de boeken foar as âlderling, it pear docht belidenis yn 1772.

2. Lolke Martens troud mei Tryntje Andrys.
Se komme yn 1712 fan Dearsum yn Easterein.
It is net dúdlik wannear 't sy krekt op de pleats komme; wol dat se yn 1748 de pleats ferlitte.
Lolke stjert yn 1759.
Om yn it libbensûnderhâld te foarsjen ferkeapet de widdo ûnder oare bôle by in begraffenis, sa stiet beskreaun yn 1766.

3. Sjoerd Heeres troud yn 1749 mei Trijntje Sybrens.
Sy komme yn 1748 op de pleats.
De pleats is ferfallen en wurdt dan ferboud.
Heeres is oansletten by de katolike tsjerke.

4. Unbekend

5. 1809: Durk Douwes Sandstra (* 1778) troud yn 1813 mei Antje Keimpes van Dijk (* 1778 ). Antje stjert yn 1816, se hawwe in bern fan twa jier.
Yn 1818 trout Durk mei Tjaltje Klases Bantsma. ( * 1791 ). Durk Douwes komt te stjerren yn 1826. De widdo buorket fierder, sy ervet it fruchtgebrûk.

6. 1842: Alle Dirks Dijkstra (* 1803) troud yn 1842 mei Geeltje Reinders Kooistra (* 1813) Ek Alle komt te stjerren op 54 jierrige leeftiid. Syn 10 jier jongere widdo krijt it fruchtgebrûk.

7. 1880: Lútzen Schaafsma (* 1853) troud yn 1880 mei Trijntje Jorritsma (* 1858) Sy buorkje dêr oant 1895. Omdat sy har oanslute by de Grifformearde tsjerke, wurdt de pacht opsein troch de tsjerkfâden.
Lútzen sei letter: " De Hervormen hawwe my fan de pleats setten, mar de Hervormen hawwe my ek troch de tiid holpen, as feekeapman!! ". Se krije 10 bern wêrfan 't op jonge leeftiid fjouwer stjerre. Yn 1899 krije se in soan Johan. Hy folget syn heit op as feekeapman.Stittens 

8. 1895: Pieter Ymes van der Valk (* 1863 te Easterein) troud yn 1888 mei Tjitske Rienks Sybrandy (* 1866 te Easterein) As sy harren earste bern krije yn 1888 steane hja beide ynskreaun as slachter. Yn 1895 komme se op de pleats. Se krije 6 bern wêrfan 't de earste Yme jong stjert. De twadde Yme is yn 1895 berne.
En in folgjende soan is Rienk Reinder dy 't yn 1907 berne wurdt.
Nei 't de pleats op de soan oerdroegen is, makke Pieter Ymes as rintenier boer klompen.
As ien fan de earste ynwenners fan Easterein beskikte hy oer in auto. { _ 51974 left 200px_ }

9. 1919: Yme van der Valk (* 1895 yn Easterein) troud 1921 mei Janke Jonkman (* 1899 yn Dolsterhuzen) Hja nimme de pleats oer nei it ferstjerren fan Pieter yn 1921.
Se krije seis bern, Antje (* 1923 ), Piter (* 1925 ), Hendrik (* 1927 ), Tjitze (* 1929 ), Reitze (* 1935) Rienk Reinder (* 1937 ).
De lêste is neamd nei syn omke. Rienk Reinder wurdt fruitteler op in tal perselen tsjin it doarp oan. Yn syn eardere hôf is no de nijbouwyk fan Easterein boud. De strjitnammen referearje oan it appelhôf.

10. Tjitze van der Valk (1929 -2001) troud yn 1955 mei Gerlofke Huitema (1931 -2009 ).
Se krije seis bern, Mellina (* 1957 ), Janke (* 1958 ), Yme (* 1960 ), de twilling Halbe en Pieter (* 1961 ), en Tjitze (* 1963) De Van der Valken wiene stean bekend as feefokkers fan it Fryske fee.

11. Yme van der Valk (1960 - 2008) Yme folget syn heit op.
Hy bliuwt frijfeint.

12. Arjen Abma 2006.
Arjan komt op de pleats te wenjen om syn omke te helpen tidens syn sykte.
Hy is in soan fan Janke van der Valk, troud mei Broer Harmen Abma.
Hy bliuwt hjir buorkjen oant 2017.
Dêrnei wurdt de pleats ferkocht en komt der in ein oan de  melkfeehâlderij. De famylje van der Valk hat hjir 122 jier buorke.

13. Sjouke Strikwerda troud mei Geartsje.. Yn 2018 hat dit jonge stel de pleats kocht.