Wynserdyk
De Wynserdyk waard en wurdt ek wol de Hidaarderdyk neamt. Dizze strjitte rint fanôf de brêge yn it doarp oant de Gouden ingel ta. De pleatsen bûten it doarp lizze ek noch oan de Wynserdyk. De Grifformearde tsjerke mei de pastorij der neist.en it jongerensintrum De Tjerne lizze oan dizze stritte. In ûnderdiel fan de Wynserdyk is It Steechje, de bebouing is fan rûnom 1900. Yn 1904 kaam der grûn frij foar wenten. It binne fjouwerwenten ûnder ien dak wurden. Troch de dakkonstruksje wurde dizze wenten de Paraplu neamd. De Wynserdyk is neamt nei de Terp Wyns. Dizze lei by de pleats op de Wynserdyk 53.