Wynserdyk 24
De pleats is boud yn 1925, sa docht bliken út de hypoteekakte fêstlein by in notaris yn Reduzum. De opdrachtjouwer is Tjerk Okkema. De stâl hat plak foar 16 melkkij. Tjerk Okkema hie trije soannen, Doede, Durk en Tjipke.
Doe 't Doede yn 1950 weromkaam út Ynje, besleat er tegearre mei broer Durk in leanwurkbedriuw foar boeren te begjinnen. Doede en Durk stapten nei de Boerenleenbank (Rabobank ), mar se krigen gjin liening. Gelokkich woe de middenstânsbank wol in liening jaan. Hja kochten in trekker en in meaner. Dat wie de start fan Leanbedriuw Okkema sa 't wy dat no kenne.
Broer Tjipke Okkema giet yn de foeraazjehannel op de Wynserdyk 10. Letter nimt ek Durk Okkema ôfskied fan it leanwurk. Hy kin boer wurde op Dearsum ûnder Achlum.
Yn 1961 sille Doede en Anna op de pleats wenje. It leanbedriuw wurdt útwreide. Ek it melkfeebedriuw wurdt fuortset. Anna stie altiid paraat om de telefoan oan te nimmen en klanten te wurd te stean. Dat gie fan moarns ier oant jûns let. Letter kamen der bakjes, in soarte fan portofoans.
Yn 1980 kommen de soannen Tjerk en Hendrik yn it bedriuw te wurken yn maatskip. Yn 1983 nimme se it bedriuw oer.Yn 1990 kaam der wer in grutte feroaring. De kij en it lân wurde ferkocht. Doede en Anna ferhúzje nei it doarp en Tjerk en Alie komme op de buorkerij te wenjen en Hendrik en Rika yn de nijbou. It leanbedriuw breidet him fierder út. Njonken leanwurk foar de boer wurde ek oare wurksumheden oppakt, wêrûnder in soad kraanwurk en grûnwurk.
Bewenners fan de pleats:
1. Tjerk (Tjipkes) Okkema (* 1893) troud mei Adriana Scheele (*1897). Sy drage it bedriuw oer oan de soannen Doede en Durk.
2. Doede (Tjerks) Okkema (1927*) troud mei Anna Zijlstra (*1926). Hja krije njoggen bern. As hja op leeftiid komme sette de soannen Tjerk en Hindrik it bedriuw troch.
3. Tjerk Okkema (* 1956) troud yn 1984 mei Alie Oosterhaven. Alie Oosterhaven is ferstoarn. Hja krigen 2 bern, Sietske (*1992) en Doede Rients (*1996) dy't yn it Leanbedriuw wurket.