Stunten Aldjiersploech Easterein


Stunten Aldjiersploech Easterein
©: Jetske Santema

Dit jier (2022) is it 25 jier lyn dat der in oantal manlju byinoar kamen om de âldjiersklub op te rjochtsjen. Sij fine it in nuete boel yn Easterein. De tradysje fan " it Slepen " is ôfrûn. It slepen wie fanâlds in tradysje om alles wat los stie mei te nimmen en op oare plakken del te setten. Foaral fan boerehiemen waard ark en reau meinommen. Sa waard ris in boerewein útinoar helle en op in dak fan de skoalle wer yninoar set. De eigener moast mar sjen dat hij er it der wer ôf krige. As boer moast alle materiaal oprêden wurde en dêr wiest âldjiersdei wol mei dwaande.

Dochs yn de lêste jierren waard de animo minder. Kontainers omwikselje en hjir en dêr wat ruten wytkalke of fan leuzen foarsjen, der hold it mei op.  

Dat wie it momint dat in freonegroep de Aldjiersploech oprjochte hat. Sij wiene fan doel om tenei in âldjiersstunt del te setten. Dat wiene: Anne Stenekes, Martin Overal, Hans Kooistra, Jaap van der Velde, Jan Simon Jelsma, Marco Hoekstra en Robert Hoekstra. En foar de goede lêzer, der is ien persoan bij  dy 't al 25 jier meidocht.

Yn de ôfrûne 25 jier binne der moaie stunten úthelle. Net fan eltse stunt binne foto's fûn. Bygelyks net fan de "te keap buordsjes yn de tunen" wermei't it probleem oan de oarder kaam dat der net genôch huzen foar jongerein wiene. De lêste jierren is de parse ek goed helle.

De feriening is hieltyd ferjonge en bestiet no út: Christiaan Rypma, Jan Simon Jelsma, Gerard van Asselt, Martin Faber, Bauke Dijkstra, Ids de Boer, Jehannes Huitema, Pier Faber, Marco Rijpkema en Sjouke Schilstra.

Hjirûnder in tal foto's fan de stunts.

Colofon

Archief Aldjiersploech, Doarpskrante en faceboek Aldjiersploech

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

Stunt 2016
De stoel is ôfkomstich fan famylje Smilde út Hârns. Se ha in bedriuw yn teakh

Disclaimer

Stunt 2017
It spoarleaze frijheidsbyld fan Sytsa antiek út Snits en in 'pimelfontein' (ini

Disclaimer

Stunt 2018
Tradysjes, demonstranten witte net wat dat foar ús betsjut, Wy bewake dat mei s

Disclaimer

Stunt 2018
It kanon is werom brocht nei Tzum

Disclaimer

Stunt 2019
De riders út Aldtsjerk binne ophelle troch de Aldjiersploech Easterein. En wero

Disclaimer

Stunt 2019
Fanôf maart moatte we goed op ús snelhyd lette. Dan kinne we oer in oantal jie

Disclaimer

Stunt 2019
De riders binnen werom brocht.

Disclaimer

Stunt 2021

Disclaimer

Stunt 2021
Fjoerwurk en fertier wurdt ûs al 2 jier net gund, Wy ha dit jier alwer ynset op

Disclaimer

Stunt 2021
Maarten is wer werom yn Burdaard! Juster ha wy Maarten werombrocht nei syn plakj

Disclaimer

Stunt 2021
It skulptuer fan Maarten moat kreas werom set wurde. Eastereinders sjogge de stu

Disclaimer

Stunt 2022
Positief sjen nei de takomst! De "fiersjenders" binne yn Makkum opskarrele.

Disclaimer

Stunt 2022
De stunt mei de fierrekikers jowt in posityf byld op de takomst. Hooplik noch g

Disclaimer

Stunt 2022
De Fryske flagge heart der fansels ek bij.

Disclaimer

Stunt 2024
Yn Bantegea wurde foar in munitiedepot wenningen romme. Wy wolle graach dat der

Disclaimer

Stunt desimber 2014
Myn ferdwining soarge foar in protte kommoasje, mar derneist ek foar in moai sti

Disclaimer

Stunt desimber 2017
11 Fountains is dat net wat flauwekul? Súdwest stipet in soad oan de stêd, bi

Disclaimer

Tsjerkje
De stunt fan 2016.

Disclaimer


0 | 1