44. De winkelman
Snypsnaren troch Jan Hiemstra
De winkelman
Hiene je yn Easterein yn de nei-oarlochske jierren in pûn sûker noadich dan koene je te kust en te keur. Tsjallings Lip (Lip de frou fan Tjalling Sietsma sa ‘t de frou fan in Eastereiner man neamd waard) hie in winkeltsje oan hûs (no in part fan ’t Heechhiem 2); by Harke en Jehanna en fan 1949 ôf Hindrik de ‘Spar’ koene je oan De Streek 10 telâne; tsjinoer harren hie Ulbe Willemke Zandstra har winkeltsje. Wennen je op de Pôle (begjin Skoallestrjitte) dan wie dêr Rinze van Dijk en wat fierder de Grieneleane del kamen je op nr 13 by Anne Hingst. Dan wiene je der noch lang net. Lâns de Foarbuorren fan de kant fan it ‘plein’ ôf hiene je earst frou Kuipers op nr 17, in eintsje fierder op nr 5 Jan Wybrandy en oan de linkerkant by it brechje op nr 2 Jan en Ymkje Vellinga. Om it tsjerkhôf hinne op Tsjerkebuorren 23 kaam dan noch de winkel fan Tiede en Alie Ypma.
De grutte fan de winkel
Op goed 800 ynwenners wiene der acht ‘krudenierswinkels’. De oarsaak hjirfan lei foar de oarloch. Doe mocht elk in winkeltsje begjinne. De tiid wie min en foar hiel wat minsken waard soks in by fertsjinste. Se krigen wat klanten út de famylje en fan goedkunde; alles wat ferkocht waard smiet in pear sinten op. Nei de oarloch waard dit oars. De klanten waarden sinniger en der kaam in wet dy ’t fereaske dat allinne noch mar mei Middenstansdiploma en Branchediploma in winkel begûn wurde mocht. Foar sa ‘n diploma moast leard wurde en dat paste net elkenien. Wa ’t in winkel hie mei de komst fan de nije wet, mocht der mei trochgean. It gefolch waard dat ferskate winkels in stille dea stoaren.
It assortimint
Yn de measte winkeltsjes waard ferkocht wat de minsken yn it deistige libben noadich hiene sa as kofje en tee, margarine, sâlt en sûker, moal, earten en beantsjes, moster, jittik (=azijn), sjerp (=stroop), ‘ranja’, pipermuntsjes en wat oar snobbersguod. Neist de ‘basisprodukten’ wie net yn alle winkels itselde te krijen. Guon sa as Tsjallings Lip hiene peteroalje en kouskes; Anne Hingst ferkocht boere-ark en tou. As bern gongen wy nei frou Kuipers foar kaugom mei plaatsje fan fuotballers en filmstjerren. Foar klompen koene je telâne by Tiede Alie, Jan Vellinga en Hindrik de Spar.
It drûge guod
De winkelman mocht lang net alles ferkeapje. It gong om de ‘drûge’ itenswaren. Foar bôle moasten je nei de bakker, foar fleis nei de slachter en foar griente nei de grienteman. Dizze beroppen koene aparte fêstigingseasken. Tabak mocht allinne mei in tabaksfergunning ferkocht wurde. Dit koe by Jan Vellinga, by Tiede Ypma dy ‘t him út kûlantens ôfstien hie oan de ynfalide ex-post Rinze Zijlstra en yn it kafee der ’t ek in fergunning foar de ferkeap fan sterke drank wie.
Yn feiten wiene der mar twa húshâldingen dy ’t folslein fan de winkel libben, de ‘echte’ winkellju Tiede en Alie Ypma, en Hendrik en Kee de Jong. Letter kaam Jehannes Strikwerda der by dy ’t neist bakker winkelman waard.
Om boadskippen
Hiene de húsfroulju wat nedich dan gongen se mei de tas oan de earm en de beurs der yn om it boadskipke. Guon hiene de beurs net by harren, mar it winkelboekje fan de winkel der ’t se hinnegiene. De oankeap waard opskreaun en ien kear yn de wike tagelyk mei de ‘grutte’ boadskippen op freeds of sneons, ôfrekkene. De froulju stiene dan foar de toanbank en de winkelman of –frou derefter. Om de beurt waarden se holpen. Tal fan produkten waarden út in fak of in sek skept (sûker, peulfruchten) en ôfwoegen. Foarferpakte produkten kamen net sa faak foar. Sels it fleske rûkersguod (ea de cologne), waard út in grutte flesse byfuld.
Ynkeapkombinaasjes
De klanten woene mear en dêrom sleaten Hindrik de Jong en Tiede Ypma har by in ynkeapkombinaasje oansleaten; it waarden Hindrik de ‘Spar’en Tiede ‘Vivo’. Dizze winkels kamen mei oanbiedingen en makken reklame. Se fersprieden ‘briefkes’ lâns de doarren en pleatsen advertinsjes yn it Eastereiner Zakenkompas. Troch harren by in kombinaasje oan te sluten koene se lúkser guod en in grutter ferskaat ferkeapje.
Der waard fan alles útfûn om de klant te binen. By de klant bûten it doarp waard oan it begjin fan de wike it boekje mei de bestellingen ophelle om dy tsjin de ein fan de wike ôf te leverjen. Ek de ‘gratis’ segeltsjes, dy ’t tsjin jild omwiksele wurde koene, wiene favoryt. Hiel wat minsken ha harren earste waskmasine mei folle kaarten Sparsegels byinoar garre! Om ‘t de minsken net in soad wend wiene, wie it organisearjen fan in jierliks reiske troch de Spar of in teäterfoarstelling foar de bern troch de Vivo in gouden greep. Wat ha tal fan minsken der fan genoaten!
Nei de klant
De winkelman gong der mei de koer foar op de fyts op út. Doe ’t de tiden better en de bestellingen grutter waarden, skaften De Jong in 'Lelijke Eend' en Ypma in 'Lloyd' oan. Jan Vellinga levere de boadskippen by syn klanten, de boeren dy feefoer besteld hiene, mei de frachtauto ôf. De koer mei boadskippen koe der wol efkes by! By ’t hjerst waard soks faaks in probleem om ’t de reden te drekkich wiene. De measte pleatsen leine lykwols oan in feart en dêrom hiene de Vellinga ’s in boatsje oantúgd om it feefoer oer it wetter op de pleatsen te bringen. Dan stie der yn it boatsje in koer mei boadskippen. Dat boatsje wie faaks swier beladen en it waard dan foar Tseard Winia, de feint fan de Vellinga ‘s, in toer om it driuwende te hâlden. Foaral net te hurd farre fanwegen de golfslach. Ien kear seach ik it misgean. It boatsje kaam ûnder it platte brechje nei De Streek wei en moast dêrnei direkt in skerpe bocht nij rjochts nimme. Troch de snelheid sloegen de golven yn ien kear oer de râne en alles strûpte ûnder; de pakjes fermiselly en de sekken moal driuwend yn it wetter!
Foar al dy Eastereiners dy ’t hjoed-de-dei harren deistige ynkeapen dogge sil dit in hast net te begripen ferhaal wêze. Ek foar it boadskipjen jildt de siswize ‘tiden hawwe tiden’.